België news

Monday, 1 April 2024

Op syn Meslânzers*

By it ferskinen fan: Meslânzer Woardeboek, samengesteld door de werkgroep Meslânzers [Triny Martens, Gettje Pals, Piet Smit & Nel Swart], redactie Siebren Dyk. Ljouwert 2024. Ynlieding Ien fan de lytste dialekten yn Fryslân - mei in pea…
Read on blog or Reader
Site logo image Neerlandistiek Read on blog or Reader

Op syn Meslânzers*

Anne Merkuur

April 1

By it ferskinen fan: Meslânzer Woardeboek, samengesteld door de werkgroep Meslânzers [Triny Martens, Gettje Pals, Piet Smit & Nel Swart], redactie Siebren Dyk. Ljouwert 2024.

Ynlieding

Ien fan de lytste dialekten yn Fryslân - mei in pear hûndert sprekkers - is wol it Midslânsk of, sa't de sprekkers út Meslâns it sels neame, it 'Meslânzers'. In dialekt dêr't de oarsprong nochal tsjuster fan is. Ut de tiid dat it dialekt it plak fan it Frysk as mienskipstaal oernommen hawwe soe, is der net yn en ek net oer skreaun. Rom nommen soe de taalwiksel yn it doetiidske bestjoerlike haadplak fan Skylge nei alle gedachten yn de iermoderne tiid (1500-1800) west hawwe. It hat oanlieding jûn ta allerhanne spekulaasjes oer de oarsprong en de krekte ûntsteanstiid, oant hjoed-de-dei ta. Ik sil sjen oft der no, mei it útkommen fan it Meslânzer Woardeboek (tenei MW), nije antwurden op dy fragen jûn wurde. Nei in skets fan wat oan no ta bekend is út de literatuer oer de histoaryske en taalkundige kontekst, wurdt it MW op dy punten hifke.

In ferkennend opstapke

Terschelling kent drie dialecten, het Schylingers van West, het Aasters van oost Terschelling en het Meslânzers uit Midsland en omstreken. Taalkundigen hebben het Meslânzers dankzij het Hollandse karakter van het dialect vaak beschouwd als een niet Fries maar Nederlands dialect, dit in tegenstelling tot de beide andere dialecten op het eiland.                                                 
Door gunstige ligging met een slenkverbinding naar Striep groeide het dorp na 1500 uit tot het bestuurscentrum van Terschelling. Het Polderhuis en het Drosthuis getuigen nog van deze functie, die nu toebedeeld is aan West, waar het huidige gemeentehuis is gevestigd.

Fan: Midsland Sfeervol middelpunt van Terschelling (it webstek fan Meslâns)

Het Meslônzers, dat voornamelijk in Midsland zelf gesproken wordt, is daarentegen geen Fries, maar een Hollands dialect. Helemaal zonder Fries is het dialect niet, want de tongval komt daar wel degelijk vandaan. De verklaring voor het afwijkende dialect in Midsland is te vinden in de Franse tijd, toen het bestuur van Terschelling in Midsland gevestigd was. Net als in veel andere steden in Fryslân gingen de bewoners "netter" en dus meer Hollands spreken.

Fan: Skylgenet

Mar lit ús earst de feitlike situaesje ris fan tichteby bisjen. Der wurde op syn minst trije dialekten praet. It Westers, in Frysk dialekt op Westskylge, it Aesters, ek in Frysk dialekt dat yn it easten fan healwei Formerum ôf oant en mei Aesterein sprutsen wurdt en yn 'e midden it Meslânzers: in Hollânsk dialekt, mar dúdlik mei Fryske stân fan 'e mûle útsprutsen en dúdlik rêstend op in Frysk substraat. (…) De fraech by it Meslânzers bliuwt fansels hwannear't it ûntstien is, hwat de foarbylden west hawwe fan it Hollânsk dat foar in part it Frysk forfongen hat ensfh. Op 'e fraech nei it hwannear leau ik wol anderje to meijen: foar de Herfoarming. (s. 21 en 25). [alle boppesteande skeanprinten fan my, RJ]

Jo Smit (Midslân 1916- Formearum 1991) Skylge en syn tael

Wat út dizze histoaryske fragminten fan Meslânzers sels nei foaren komt, is dat it as in Hollânsk dialekt sjoen wurdt dêr't it Frysk - troch substraat - ynfloed op hân hat. It oerstappen fan it Frysk op it Hollânske dialekt soe motivearre wêze troch it 'netter' prate wollen. De tiid fan ûntstean fariearret fan 'foar de Herfoarming' (fan 1517 ôf), nei 1500 en 'in de Franse Tijd' (1795-1813), mar wat is der yn de fakliteratuer te finen oer de oarsprong, de motivaasje foar de oerstap en de ûntsteanstiid fan it Meslânzers?

Fakliteratuer oer de histoaryske kontekst                                                                     

Op grûn fan it foargeande gean ik der fanút dat it Meslânzers as in Hollânsk dialekt sjoen wurdt dat mei it (sechtjinde-iuwske of lettere) bestjoerssintrum út te stean hat. Ymplisyt wurdt suggerearre dat it unike fan in sosjaal-hegere Hollânske bestjoerslaach in te berikken sosjaal doel wie foar de lagen dêrûnder. Dat idee fan sosjale mobiliteit slút oan by it feit dat dat lokale bestjoersintrum diel útmakke fan Hollân mei syn dominante taal. Skylgers witte fansels wol dat it eilân pas yn de twadde wrâldoarloch (1942) bestjoerlik by Fryslân plakt is, mar fan de sechtjinde iuw ôf al ûnderdiel fan in Hollânske, dus net-Fryske kontekst wie. Foar it ferlerngean fan de Fryske frijheid (1498) wie der aadlik grûnbesit op it eilân fan Gerrit fan Heemskerck (1417). Yn de sechtjinde iuw kaam it yn besit fan Cornelis van Bergen. Hoefolle oare minsken oft der út Hollân meikamen, is net dúdlik, mar blykber wol sa'n soad dat der in Hollânskpratend netwurkje ûntstean koe, want in hiele mienskip jout syn eigen taal net fanwegen in pear ienlingen oer, hoe dominant oft dy ek binne; dêr is in grutskaliger sosjaal netwurk foar nedich. It is net om 'e nocht dat de gruttere stêden yn Fryslân yn de sechtjinde iuw ûntfryske binne troch in frij omfangrike, sosjaal sterke groep minsken fan bûtenút (benammen fan Hollân). It Bilt, dat fanwegen syn plattelânskarakter better ferlykber is, is dêr ek in sprekkend foarbyld fan mei syn ymport fan in kloft boeren út Súd-Hollân wei. De Skylger histoarikus Philip de Boer (1980) makket him der yn in ferliking mei in Hollânsk doarp yn de omkriten fan Saandam in foarstelling fan dat der yn de santjinde iuw, nei't it eilân oer gie nei de Steaten fan Hollân (1615), 'burger-ambtenaren' út Hollân kamen, dy't oars op paste ôfstân ta de bestjoerders lykas de yn Meslâns fêstige drost (skout) stienen. Mooglikheden foar sosjale mobiliteit lykje yn dy tiid net sa foar de hân te lizzen. Ek de tsjerke soarge foar minsken fan bûten. De grinzen fan it dialektgebiet komme oerien mei dy fan de eardere tsjerklike gemeente (symboalysk stiet de tsjerke fan Meslâns ek foarop it MW). Ut 1654 is de namme fan grifformearde predikant Johannes Grevesteyn bekend en sa sille der (folle?) mear west hawwe. Boppedat sil der noch in oanpart wêze fan minsken dat har wurk op de seefeart hie en dêr kontakten mei net-Friezen hie. Ut houliksregisters docht bliken dat yn de achtjinde en njoggentjinde iuw op Skylge in soad troud waard mei minsken fan bûten it eilân; tusken 1801 en 1811 mear as in fearn fan de nije pearen (Van Oostendorp en Jansen 204: 15). De nearlandist Wytze Gs Hellinga hie al oer de ûntfrysking fan de Fryske stêden skreaun dat it by de taalwiksel nei de algemienere taal yn de sechtjinde iuw gong om it kiezen foar in taal dy't kommunikaasje mei dy minsken fan bûtenút mooglik makke. 'Het ontstaan van het Stadsfries zal in eerste instantie niet veel tijd genomen hebben. Het Hollands is niet langzaam binnengedrongen (hoe stelt men zich zoo'n proces eigenlijk voor?), noch het Fries langzaam aangepast aan Hollands, maar een tweede omgangstaal is geleerd door hen, die deze nodig hadden (Hellinga 1940: 43). It oanlearen is dus net op it foarste plak ynjûn troch it 'netsjeser' praten. Wannear't krekt yn dy iermoderne perioade de ferhollânsking fan de mienskip fan Meslâns en de omlizzende doarpen syn beslach krigen hat, is - lykas al hjirboppe sein - net krekt fêst te stellen; it leit yn 'e reden dat it néi it yn earste ynstânsje oerstappen op it Hollânske dialekt in trochgeand proses west hat wêrmei't beskate ûnderdielen (bgl. de 16de/17de-iuwske dûbbele ûntkenning fan 'en … niet' fuortfallen binne mar de dou-foarm bewarre is (faaks stipe trochdat dy foarm ek yn de oanbuorjende eilândialekten brûkt wurdt) en dat de sk- en [g]-anlaut folle letter pas troch sch- en [X] ferfongen wurden binne (sjoch ek **): it einresultaat is it tsjintwurdige dialekt mei dy foarmen. It Fryske dialekt fan Aast en West wie troch it oergean op it Hollânsk relatyf ûnbegryplik foar de Meslânzers wurden en de nije 'Nederdútske' (de doetiidske namme foar de algemienere taal fan de Republyk) taal fungearre dêrom ek as in lingua franca foar it hiele eilân. De sprutsen ferkearstaal hie him yn dy tiid noch net ta it Nederlânsk fan tsjintwurdich ûntwikkele en waard troch alle lagen mei dialektale wurden brûkt. Doe't de fertsjintwurdigers fan de provinsjes yn de Frânske tiid foar it earst byinoar kamen yn it parlemint, foel op dat hast iderien 'dialekt' prate, in tastân dy't oars noch de hiele njoggentjinde iuw oanhâlde soe.

Fakliteratuer oer de taalkundige kontekst

Mei it boppeneamde senario dat dy nije 'Nederdútske' taal fan Skylge yn de iermoderne tiid 'foet oan wâl' krigen hie, is net te ferwachtsjen dat de taal fan Meslâns sa unyk is. Yn de tiid dat Skylge noch ûnderdiel fan Noard-Hollân wie, seach de Skylger dialektolooch Klaas Heeroma (1934: 24) grutte oerienkomsten tusken it Meslânzers en de dialekten fan Flylân, Teksel, Wieringen, Drechterland (bij Inkhuzen) en de Saanstreek. Ien fan de ferklearringen dy't lykwols troch him foar dy oerienkomst jûn waard, wie dat Hollân krekt as it Schylgeralân hielendal Frysk praat hie. Dy Fryske ûndergrûn (substraat) dy't al yn de oernommen Hollânske taal sitte soe, moast in ferklearring fan de oerienkomsten mei it Frysk jaan. Fierdergeand ynsjoch bringt lykwols nei foaren dat party fan de oanbelangjende foarmen ek bûten it eardere Frysktalige gebiet oanwêzich wienen.*** Dat der in beskaat oanpart Frysk substraat yn it Meslânzers sit, mei dúdlik wêze, mar út de literatuer waard net dúdlik hoe grut en wát dat oanpart fan op dy grûn tatochte Fryske eleminten wie. In oanmerklik part fan de oerienkomsten sil nammentlik ûntstien wêze troch in foar de hânlizzende ferklearring: de Fryske bewenners hawwe foar it meastepart it Hollânsk dialekt fan de dominante Hollanners oernommen (ferl. Hellinga 1940: 'een tweede omgangstaal is geleerd door hen, die deze nodig hadden'). Skylge lei yn dy tiid yn Hollân en wie mei de kontakten dêr ek op oriïntearre.

Yn de toanoanjaande taalkundige literatuer fêstiget him lykwols it idee dat de Meslânzers net de sprutsen taal fan Hollân, it dialekt, mar de 'Schriftsprache' mei 'Substratwirkung' oernommen hienen: 'In Midsland, dem Zentrum der Insel, stand eine Burg der holländischen Herrscher, und die Midsländer hätten die höher angesehene Sprache ihrer Herren übernommen.' (neffens Knop, sa werjûn troch Cor van Bree yn it Handbuch des Friesischen 2001: 134-135). Hjir komt it anagronistyske misbegryp wer nei foaren dat dy Hollanners yn dy tiid al Standertnederlânsk ('Schriftsprache') praat hawwe soenen. Van Bree en Versloot hawwe dat letter oars formulearre: 'Als de leerders van het 'gemeen Nederduits' in de 16e eeuw met name naar Holland keken (luisterden), ligt het voor de hand dat allerlei taalvormen die nu als typisch dialectisch hollands gelden [skeanprint fan my, RJ], meegenomen werden. Dat geldt trouwens ook voor het Fries zelf zodat ook het Fries veel uit het Hollands c.q. het Nederlands van die tijd overnam. Nadat in de nederlandse verhoudingen het Hollands in de 18e eeuw definitief 'dialect' geworden was, kwam het Stadsfries in een bipolair krachtenveld tussen Standaardnederlands en Fries. Veel 'dialectische' kenmerken – op alle niveaus van de taal – uit Holland of in ieder geval - met het Hollands overeenkomend, bleven als relict in Friesland hangen. Het mag eerder verbazen dat er nog zoveel 'Hollands' in het Stadsfries zit, dan dat wij ons af moeten vragen waarom in al die andere gevallen Stadsfries en Hollands uit elkaar gegroeid zijn. (Van Bree en Versloot 2008: 229)

Konklúzje tuskentroch

Ut de populêre en fakliteratuer oer de histoaryske en taalkundige kontekst komt in byld nei foaren dat der yn de iermoderne tiid troch bestjoerlike, tsjerklike mar seker ek maritime ynfloeden út Hollân wei in ûntfrysking fan de mienskip fan Meslâns e.o. ta stân kommen is, omdat dêr it bestjoerlik sintrum fêstige wie dat as kristallisaasjepunt wurke hat foar in Hollânsktalige mienskip. De krekte tiid fan ûntfrysking is net fêst te stellen, mar it resultaat is dat de ynwenners fan it Frysk benammen op it dialektale Hollânsk (net de skriuwtaal) oerstapt binne. De motivaasje soe foar in part ynjûn wêze kinne om netsjeser te praten, mar it kiezen fan in taal fan de machtiger groep om kontakt te lizzen, spilet like goed in rol; it is de taal fan bûten mei in grutter berik mei it Hollânske achterlân, dêr't Skylge ûnderdiel fan wie.  De nije memmetaal fan de Meslânzers is fansels net ien-op-ien kopiearre en hat troch substraatwurking lienwurden en mooglik oare typysk Fryske eleminten yn him opnommen. Dat it net om 'Nederlânsk' sa't wy dat no kenne ûnder de namme A(B)N giet, is troch de oerienkomsten mei oare Hollânske dialekten dúdlik wurden. Op dat punt ûntstiet der soms wat in misferstân omdat Meslânzer, Stedske en Fryske wurden as bygelyks do(u) syngroan besjoen op inoar lykje en dêrom no foar spesifyk Frysk oansjoen wurde en net foar it net mear bekende Hollânsk. It lit it Meslânzers, mar ek it Stedsk en it Biltsk yn moderne eagen Frysker lykje as dat it histoarysk wie.

Wat seit it Meslânzer wurdboek hjir no oer?

It moaie fan it nije MW is dat it ek brûkt wurde kin om de boppesteande ideeën te hifkjen: komt it Meslânzers dialekt it meast oerien mei it (dialektale) Hollânsk of mei it Frysk (of binne de ynfloeden like grut)? It hjoeddeisk Meslânzers wurdt dêrom no earst ferlike mei achttjinde-iuwske fariëteiten, omdat dêr de oarspronklike eleminten yn werom te finen binne: in Hollânsk dialekt (Beemsters), it Leewarders, dat oarspronklik ek fan nei Fryslân ta kommen Hollanners yn de iermoderne tiid oernommen is, ôfset tsjin it Frysk út dyselde tiid. Gâns oerienkomsten tusken de net-Fryske fariëteiten ûnderling springe fuortdaliks sûnder allerhanne foarûnderstellings yn it each. Fansels bliuwe der wol wat lienwurden en substraat oer dy't net oars as Frysk wêze kinne. Beide ferklearringen tegearre dekke inoar oanfoljend en foar in part oerlaapjend de oarsprongen fan it dialekt goed ôf.

Ferliking Hollânsk mei Meslânzers, Leewarders en Lânfrysk
Hollânsk Meslânzers Leewarders Lânfrysk
  (Wolff) (Woardeboek) (Jeltema) (Althuysen)
fonology: speule speule speule (spijlje)
  teugen teugen teugen tyen
  zeumer seumer zeumer simmer
  zundag sundag zundag (sneyn)
  kort kort ku.t kort
  motte motte mutte matte
  stien stien stien stien
  gien gien gien nin
  allien allien(eg) allienig allinne
  twie twie twie twaa
  keers kears kee.s (kjersen)
  vandeen fandean van deen fendinne
  dogt docht dogte togt
  pond pond pon (poen)
  toen doe doe(n) doa
         
morfology: speule speule speule spijlje
  komen kommen koomen komd
  edeen dean deen dien
  karweitje bryfke karweike gleske
  ik gaan ik gaan ik gaan (ik gean) (gae)
  hebben hewwe hewwe habbe
  hy het hij het hy het hy het
  wij binne wij binne wij binne Wy binne (sind)
  u weet je wete jou weete y witte
         
Idioom: nog nog nog jytte
  wat wat wat het
  vleis fleis fleis flêsk
  koey koeies (meartal) koei ky

Fetsetten foarmen binne de oarspronklike Fryske foarmen dy't yn de 17de/18de iuw ferkrongen binne troch de Hollânske. Noch lettere feroaringen yn it Frysk (nin -> gjin, doa-> doe, komd -> kommen, habbe -> hawwe, y -> jo, jytte -> noch, het -> wat, flêsk -> fleis) litte sjen dat krekt it Frysk sels wakker beynfloede is troch it Hollânsk (al of net troch de stêden); noch in reden dat de Meslânzer fariëteit op it hjoeddeiske Frysk lykje kin (mar nét op dat fan de 17de iuw). (tusken heakjes út in oare 17de-/18de-iuwske boarne).

Wat docht it MW mei dy oerienkomsten tusken it dialektale Hollânsk en it Meslânzers?

It lykjen op it Stedsk fan Harns (opmurken troch de oanhelle Halbertsma 1856: 77-78) liedt yn de ynlieding (s.9-12) ta de opmerking dat 'Het [Meslânzers] namelijk een van de loten [is] aan de stam van de Fries-Nederlandse mengdialecten.' (s.9) [Myn skeanprinten, RJ]. Dat 'namelijk' wurdt fierder net ûnderboud, mar is de kar fan de wurdboekmakker. 'Minging' wurdt hjir rûchwei ferantwurde omdat 'de woordenschat geïnspireerd is op het Nederlands maar dat de basis van de uitspraak de basis van de uitspraak en syntakis Fries is.' Dat dy basis (folslein) Frysk wêze soe, is yn de literatuer oars noch langn't in útmakke saak, omdat ferskate útspraakferskynsels, lykas de s- en de f-anlaut ek hjoed noch oanwêzich binne yn it Hollânsk en ek de 'Fryske' tiidwurdfolchoarder foar in grut part oerienkaam en oerienkomt (Fr. 'dat er dat dien hat' Hol. 'dat ie dat gedaan had').

Op it foarste plak is opmerklik dat hjir fan Nederlânsk (en net fan dialektaal Hollânsk) útgongen wurdt. Op it twadde plak is it noch opmerkliker dat de meiwurkjende leksikograaf it begryp 'mengdialect' brûkt. Dat yn tsjinstelling mei in resinte publikaasje (Hans Van de Velde, Pieter Duijff, Siebren Dyk, Wilbert Heeringa en Eric Hoekstra 2019: 3). Dêryn nimme Dyk-en-dy sels krekt eksplisyt ôfstân fan dy betiizjende term: 'We gebruiken hier niet de term mengtalen. Deze term wordt in de taalkunde doorgaans gebruikt voor een specifieke vorm van contactvariëteiten, die abrupt ontstaan zijn uit twee of meer talen die niet nauw verwant zijn (…). Aangezien de Stadsfriese variëteiten historisch gezien geleidelijk ontstaan zijn en nauw verwant zijn aan de Hollandse dialecten, duiden we hen niet als mengtalen.'[Skeanprinten fan my, RJ]. It opmerklikst is lykwols dat Dyk ferline jier krekt in beskriuwing fan in Hollânsk dialekt besprutsen hat foar Us Wurk: 'Tessels.Taal over zee.' Hy skriuwt yn dat besprek:

"En dan is der dus noch de kwestje hoe't it Tekselsk pleatst wurde moat, en dan foaral yn ferhâlding ta it Frysk. Oftewol: hoe moatte al dy oerienkomsten mei it Frysk ferklearre wurde? [Myn skeanprint, RJ] De kwestje spilet net inkeld foar it Tekselsk, ek foar oare Noard-Hollânske dialekten is er opsmiten, en sels, mar dan geane we noch wat fierder yn 'e tiid tebek, foar hiele Hollân, of yn alle gefal foar de kuststripe. En faaks noch wol driuwender ek foar de mingdialekten yn Fryslân sels, dus de taal fan 'e gruttere stêden, it Bildt, it Amelân en Midslân. It wie Van Bree dy't in taalkontaktteory as dy fan Van Coetsem (1988) dêrop tapaste en sa de eigenskippen fan sokke dialekten hiel oannimlik pleatse koe; in moai oersjochartikel is bygelyks Van Bree (1997). It idee is dat by in taalwiksel de oarspronklike befolking yn grutte halen de wurdskat fan de "nije" taal oernimt, mar net eleminten fan útspraak en sinbou, en in part net maklik oer te setten wurden ha ek oanstriid om net mei te gean. Ik moat sizze dat iksels altyd wol sjarmearre west haw fan dat model fanwegen syn psygologysk útgongspunt: it opfallende oan in taal, de wurden, nimt de sprekker oer, en dêr't er him minder bewust fan is, dat lit er gewurde. Boppedat jout it romte om eventuele fariaasje te ferantwurdzjen, sawol oan 'e kant fan 'e doeltaal Nederlânsk as de boarnetaal Frysk [Myn skeanprint, RJ]. Sa meie we bygelyks wol oannimme dat Midslanners de begjinkloft sch- of de rûzer g- oan it wurd begjin oernaam ha fan har foarfaars doe't dy noch Fryskpraten; it Fryske Westers en Aasters op Skylge ha dy lûden ommers ek noch altyd. En it opfallend "ûnfryske" systeem om op it Bildt ferlytsingswurden te foarmjen kin skood wurde op'e ynstream fan foaral Súd-Hollânske boeren [Myn skeanprint, RJ.

(Dyk 2023: 184)

It spitige fan it oanheljen fan Van Bree en de oannames dy't der yn bebakt sitte (1997), is dat se letter (2008) mei troch dyselde Van Bree nuansearre binne (sjoch hjirboppe); der moat by de analyze neffens it model fan Van Coetsem net (inkeld) fan Nederlânsk mar ek fan Hollânsk útgongen wurde. Troch it mei opsetsin noch altyd fêsthâlden oan it stânpunt om inkeld fan it Nederlânsk út te gean, wurdt it Hollânske elemint bewust skoudere (sjoch tabel 1) en dat hat wer in iensidige syngroane analyze fan gefolgen. Yn de ynlieding fan it MW giet Dyk nammentlik fierder mei: 'Het ontstaan van dergelijke dialecten [d.i. 'mengdialecten', RJ] is misschien het beste te begrijpen uit een streven om een andere taal te gaan spreken, een taal die aantrekkelijk was doordat zij een groter prestige had. Dat leren van die andere taal gebeurde spontaan en ongereguleerd [myn skeanprint, RJ]. Wat daarbij het gemakkelijkst uit de taal van de maatschappelijke bovenlaag [blykber it 'Nederlands', RJ] overgenomen werd, was datgene wat in het oog, of beter in het oor viel, en dat waren de woorden. Ingesleten patronen op het gebied van uitspraak of zinsconstructie, aspecten van de taal waarvan men zich niet of nauwelijks bewust was, bleven juist gehandhaafd.' (s. 9) Dat it hjir spesjaal neamd wurdt dat it om 'spontaan en ongereguleerd' learen giet, is opfallend. Yndie gie it doe net as yn ús tiid om it bewust oanlearen fan in frjemde taal as Ingelsk op skoalle mei in grammatikaboekje yn in ûnderwiissituaasje, mar dat wol noch net sizze dat it 'ongereguleerd' gong. De taalmienskip hat wol deeglik regels foar it goed oanlearen fan in nije fariëteit; brykprate wurdt fuortdaliks sosjaal ôfstraft. Ik tink dat krékt de praktyk de bêste learskoalle is foar naubesibbe fariëteiten. It makket dat de nije fariëteit op it bewuste nivo goed oanleard wurdt. Unbewuste saken as in aksint wurde meinommen yn de oanlearde taal (substraat), mar foar de learder hat er de nije taal oernommen, in taal dy't krekt as it Stedsk fan de fêstewâl 'nauw verwant' is. Brykpraten leit noch minder yn 'e reden, om't de nije sprekkers geregeld ek noch yn kontakt stienen mei Hollân. De reden foar dy eksplisite meidieling wurdt lykwols net jûn, mar sil - lykas út ditsoarte fan ming-literatuer bliken docht - te krijen hawwe mei it ym- dan wol eksplisyt lizzen fan de ferbining mei de negative folksaardige beneamingen as 'grienmank', in 'raar mengelmoesje' en 'geen vlees en geen vis'. De ûnderlizzende stelling is mei safolle wurden dat der in nije, op himselssteande fariëteit as in synteze ta stân kaam, in 'pidgin', dy't letter memmetaal waard. In skoallefoarbyld fan sa'n synteze is meisje+famke dy't de nije foarm meiske opsmite soe. Dit didaktyske foarbyld rint dêrom stomp, om't ferlytsingswurden mei -ke al yn it Noard-Hollânsk foarkamen. Boppedat wurdt der fan dy saneamde 'mingdialekten' net ien earder as ein achttjinde iuw fan in spesifike namme foarsjoen, nammentlik pas as it algemiene Nederlânsk as sprektaal begjint ôf te wiken fan dy dialekten; Leewarders, Bilts, Meslânzers. Dêrfoar waarden se net as in spesjaal dialekt neamd, om't se as part fan it Nederdútsk sjoen waarden. Foar it Meslânzers is net dúdlik wannear't as in typysk dialekt 'ûntdekt' waard. Halbertsma hat it yn 1856 ferlike mei it 'Harlingersch' mar it sels gjin eigen namme jûn.

Hoe is dat ynnommen stânpunt fan Standertnederlânsk as referinsjetaal werom te finen yn dit wurdboek? It komt benammen nei foaren yn it skouderjen fan de dialektale Hollânske foarmen yn de grammatika; alles dat ôfwykt fan it tsjinwurdige Standertnederlânsk wurdt sadwaande safolle mooglik oan it substraat fan it Frysk taskreaun. In pear foarbylden: de meartals persoansfoarm by jij/je wete wurdt net mei de Hollânske foarm ferlike (bgl. Wat doene jij yn it Westfries woordenboek fan Pannekeet 1975: 171): 'Dat doet vermoeden dat Meslânzers jij een Friese achtergrond heeft; het Friese jo regeert ook een meervoudige persoonsvorm.' (MW: 56), de dou-foarm [en de -st-útgong fan de byhearrende persoansfoarm] ('Sommige functiewoorden zijn Fries, MW: 10, sjoch ek ****), mar ek ik gaan, wij binne/hewwe, fleis, it mulwurd sûnder ge-prefiks, bgl. 'hy het et dean', ensfh. (sjoch tabel 1). It wurdt blykber dreger foar de leksikograaf de Hollânske oarsprong te ûntrinnen as de foarm peard net Frysk (ros/hynder) of net Nederlânsk (paard) is, want dat 'staat uiteindelijk toch nog weer dichter bij bijvoorbeeld het Noordhollandse peard uit het Westfries' (s.11), klinkt it sunich…

Beslút

It MW jout gjin nije antwurden op de fragen oer de oarsprong(en) en de krekte ûntsteanstiid fan it Meslânzers, mar werhellet selektyf wat de (fer)âldere literatuer dêroer te melden hie. Dochs kin ik it wol iens wêze mei wat op de ein fan de ynlieding sein wurdt: 'Het belangrijkste over het Meslânzers is nu met dit woordenboek vastgelegd en beschikbaar.' Ek al is de ynfalshoeke nochal iensidich út it hjoed-de-dei wei, syngroan, tocht, dochs wurdt der gâns ynformaasje oer dit lytse dialekt bean. It jout bûten de al neamde ynlieding in wiidweidich oersjoch fan lûden, stavering en grammatika. De lûden wurde mei de syngroane ynfalshoeke fansels wer mei it Nederlansk en it Frysk ferlike. Ek by de grammatika binne it hjoeddeiske Nederlânsk en Frysk de referinsjetalen, wat foar de syngroane brûker faaks ek yn 'e reden leit. It is in deeglik wurkstik fan de wurkgroep en de leksikograaf wurden mei in wiidweidige wurdskat yn it eigentlike wurdboek. De lemmata binne taljochte mei wurdsoarte, lidwurd/foarm, oersetting/útlis yn it Nederlânsk en faak in foarbyldsin. Boppedat is der ek noch in yndeks Nederlânsk-Meslânzers opnommen. De wittenskiplik ûndersiker kin no yn alle gefallen sels goed mei in diagroan rjochte ûndersyk de oerienkomsten mei de Hollânske dialekten yn en bûten Fryslân ferlykje. Allinnich al om dy reden is it Meslânzer Woardeboek in oanwinst!

*Mei tank oan Marcel Plaatsman (*Purmerend 1987) en Arjen Versloot (*Schiedam 1965)

** Johan Winkler jout yn syn grut dialektologyske ûndersyk fan it Algemeen Nederduitsch en Friesch dialecticon dl II yn de njoggentjinde iuw foar it Westers, it Aasters en it Meslânzers noch sk- en g- (1874: 10-20). Alle trije dialekten hawwe tsjintwurdich de anlaut sX- en X- (s.10). It Stedsk en sa (en ek it Frysk) hawwe sk- en g-.

*** "In de jaren na de eeuwwisseling ging ik mij ook bezighouden met het Aalsmeers en het Hollands van de Gouden Eeuw en ik begon mij te realiseren dat in 'uithoeken' als Marken en Aalsmeer niet speciaal fries taalmateriaal bewaard was maar dat de dialecten van beide plaatsen (met andere) met name fungeerden als relicten van het Hollands van de Gouden Eeuw, de omgangstaal van o.a. Amsterdam. Zoals Heeroma geconstateerd had dat de taal van Westfriesland in de grond niet 'frieser' was dan die van de Zaan, zo meende ik vast te kunnen stellen dat de taal van Marken en Aalsmeer in de grond niet 'frieser' was dan die van Bredero." (Arjen Versloot in Van Bree en Versloot 2008: 7, sjoch ek Versloot 2017)

**** Dat dou noch oant yn de santjinde iuw gewoan ûnderdiel fan de Nederdútske ferkearstaal wie is ûnder oaren op te meitsjen út it feit dat yn it twadde fearn fan de santjinde iuw der noch diskusje by it meitsjen fan de 'Statenvertaling' west hat om de 'netsjesere' du-foarm fan dou yn plak fan gij te kiezen. It wienen de teologen út de hegere sosjale lagen bûten it Noarden dy't dy foarm opkeard hawwe, omdat dy al te 'plat' wêze soe of yn guon kriten net mear yn gebrûk (mar wol yn it noarden fan Hollân). As der fan it Standertnederlânsk út redenearre wurdt, moat dou wol út it Frysk oernommen wêze (en net út it Hollânsk of de Hollânske ferkearstaal).

Literatuer

Jan Althuysen, Friesche rymlery dl I. Liouwerd 1755. Ek yn A. Feitsma (red.), Frysk út de 18de ieu II. Estrikken XXI. Grins 1960: 116-160.
Philip J. de Boer, Tussen Holland en Friesland. Het eiland Terschelling voornamelijk in de 17e eeuw. Doctoraalscriptie Nieuwe Geschiedenis Rijksuniversiteit Utrecht.Terschelling 1980.
Cor van Bree, Hollandse taalinvloed in Friesland. Yn: Ph.H. Breuker & A. Janse (red.), Negen eeuwen Friesland-Holland. Geschiedenis van een haat-liefdeverhouding. Zutphen 1997: 120-133.
Cor van Bree en Arjen Versloot, De oorsprongen [meartal, RJ] van het Stadsfries. Leeuwarden 2008.
Siebren Dyk, Besprek fan Marcel Plaatsman, Tessels.Taal over zee. Alkmaar 2021. Us Wurk LXXII, 2023: 180-185.
Anne Jeltema, Vermaak der slagterij. S.pl. 1768. Ek yn: A. Feitsma en R. Bosma (red.), Frysk út de 18de ieu III. Estrikken XXII. Grins 1961: 71-80.
Hans Van de Velde, Pieter Duijff, Siebren Dyk, Wilbert Heeringa en Eric Hoekstra, Fries-Nederlandse contactvariëteiten in Fryslân. Ljouwert 2019.
Arjen Versloot, On the nature of mixed languages: The case of Bildts, International Journal of the Sociology of Language 248, 2017: 113-136.
Betje Wolff, No. 40. De Gryzaard. Vervattende LII spectatoriaale vertoogen. dl. 1. Monnikkendam 1768: 513-520.

Comment

Neerlandistiek © 2024. Manage your email settings or unsubscribe.

WordPress.com and Jetpack Logos

Get the Jetpack app

Subscribe, bookmark, and get real-time notifications - all from one app!

Download Jetpack on Google Play Download Jetpack from the App Store
WordPress.com Logo and Wordmark title=

Automattic, Inc. - 60 29th St. #343, San Francisco, CA 94110  

at April 01, 2024
Email ThisBlogThis!Share to XShare to FacebookShare to Pinterest

No comments:

Post a Comment

Newer Post Older Post Home
Subscribe to: Post Comments (Atom)

Marktplaats Spijk 2024  

Spijk - Op zaterdag 7 september wordt er weer een editie van Marktplaats Spijk g...

  • [New post] Wat gebeurt er in ‘Wat gebeurt er in het Nederlands?!’
    Lauren Fonteyn posted: " Er is een boek uit over het Nederlands. Dat boek is, als je het mij vraagt, bijzonder. Dat vind ik...
  • VANDERBILT Eau de toilette Gloria
    [DFR:drip?p=4681300041699701] ...
  • Mark Malkoff Reviews the Master Cleanse ⎢Fitness Guinea Pig ⎢Everyday Health
    Will Mark Malkoff get through a week on the Master Cleanse? See day 2 of his Fit...

Search This Blog

  • Home

About Me

België news
View my complete profile

Report Abuse

Blog Archive

  • September 2024 (188)
  • August 2024 (2375)
  • July 2024 (2632)
  • June 2024 (2864)
  • May 2024 (3045)
  • April 2024 (3089)
  • March 2024 (3203)
  • February 2024 (3021)
  • January 2024 (3225)
  • December 2023 (3158)
  • November 2023 (3114)
  • October 2023 (2743)
  • September 2023 (2039)
  • August 2023 (1504)
  • July 2023 (1536)
  • June 2023 (1684)
  • May 2023 (1709)
  • April 2023 (1606)
  • March 2023 (1906)
  • February 2023 (1791)
  • January 2023 (1785)
  • December 2022 (1991)
  • November 2022 (1976)
  • October 2022 (1500)
  • September 2022 (1218)
  • August 2022 (997)
  • July 2022 (1226)
  • June 2022 (1353)
  • May 2022 (1596)
  • April 2022 (1413)
  • March 2022 (1294)
  • February 2022 (953)
  • January 2022 (907)
  • December 2021 (1425)
  • November 2021 (3141)
  • October 2021 (3248)
  • September 2021 (3122)
  • August 2021 (3277)
  • July 2021 (138)
Powered by Blogger.